Nederlands

Projekten

De Overlaat is yn 1999 oprjochte as ûnôfhinklik yngenieursburo troch Robbert de Vries en Yvonne van Manen. Sy hawwe in jierrenlange ûnderfining op ûndersteande mêden:

Planfoarming
Planfoarming foar plattelân en stedsrâne is ús kearnaktiviteit. Us plannen hawwe te krijen mei belied, ynrjochting en behear. Wy helpe om jo ideeën helder te krijen en dy ûnder wurden te bringen en om jo plannen op papier te setten. De Overlaat hifket foar jo plannen en projekten fan tredden en kin jo in ´second opinion´ jaan oangeande jo eigen projekt. Troch evaluearjend ûntwerpen ferheegje wy de kwaliteit fan jo plannen.
Planfoarming>

Wetter, Natuer en Lânskip
Wy binne spesjalisearre yn de fakgebieten wetter, natuer en lânskip (ynklusyf kultuerhistoarje). De krêft fan De Overlaat sit nammers net allinnich yn in grutte ynhâldlike kennis fan dy aparte fakgebieten, mar krekt ek yn ´e yntegraasje dêr fan en yn de ferbining mei oare funksjes lykas lânbou, rekreaasje, wegen, wenningbou en bedriuweterreinen. Wy hawwe jierrenlang wurke oan lânynrjochting, wetterbehear en natuerbehear. Oan ús kinne jo it ynhâldlike ûnderbouwen fan jo projekt oerlitte. De Overlaat is skeakel yn in keatling fan bedriuwen dy’t by need ekspertize en kapasiteit útwikselje.
Wetter>
Natuer>
Lânskip>
Yntegraal>

Miljeu-effektrapportaazje
Robbert de Vries en Yvonne van Manen binne beiden lid fan de Kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje en wurde om har kennis op niisneamde mêden geregeldwei ynskeakele om yn wurkgroepen te advisearjen oer miljeu-effektrapportaazjes. It giet sawol om Projekt-m.e.r. as om Plan-m.e.r. Dêr draacht ek de natuerregeljouwing (Natura 2000, EHS en Flora- en faunawet) wakker ta by. Wy binne ek fan de siden fan like goed de inisjatyfnimmer as it befoege gesach belutsen by m.e.r.
Plan-m.e.r.>
Projekt-m.e.r.>

Skeasaken
Wy hawwe in grutte ekspertize opboud mei skeasaken, fariearjend fan skea oan gebouwen troch wetterpeilbehear, sâlt- en gaswinning oant faunaskea.
Skeasaken>

Projektmanagement
Wy steane noed dat de planfoarming ek prosesmjittich goed ferrint. Wy binne goed op ´e hichte mei de prosessen om ta fisy, belied en plannen te kommen. Draachflak troch de lju der werklik yn te beheljen spilet dêrby in beskiedende rol. Oan ús kinne jo it proses- en projektmanagement fan de projektfazen apart of de tarieding yn syn hiele hear en fear fan jo projekt oerlitte, mooglik ek ´ad interim´. Yn it buro is der in grutte kennis fan projektmjittich wurkjen. It buro kin foar jo subsydzje oanfreegje en soargje foar de fierdere begelieding en ôfhannelen.
Projektmanagement>

Bestjoeren en siktariaten
Sawol fan eardere funksjes as yn har hjoeddeiske wurk hawwe Robbert de Vries en Yvonne van Manen in brede bestjoerlike ûnderfining. Sy binne betûft yn bestjoerlike prosessen, benammen yn oerheidsomjouwingen. Foar ûnderskate organisaasjes hawwe sy wurke as (interim)siktaris. Bytiden wurde ek it hiele siktariaatswurk oan 'De Overlaat' útbestege. Wy binne bedreaun yn it skriuwen en redigearjen fan rapporten, ek yn it Frysk.
Bestjoeren en siktariaten>

© Webdesign:  www.rianvisser.nl
© Renovatie:  marten-de-vries.nl
^ Naar boven
< Terug